गाने

Gjin goud, gjin sulver Frijheid is ús priis En foar 't wy frijheid ha Jou wy gjin belies Dyn stêd kinst krije Dat swarre wy dy Mar ús priis is dúdlik Friezen binne frij As de wyn dy 't weidet oan einleaze loften Dêr 't it wolketek skiepfee de kime yn driuwt In sinne dy 't sakket yn fjoerreade marren Tusken tuorrebouten oan 'e ein fan 'e dei As weagen brûzjend op 't oankommend wetter Skomjend fan wille, mei it swit op 'e kop Binne wy Friezen, yn hert en yn tinzen Yn dwaan en yn litten, yn alles sa frij Binne wy frij! Friezen binne frij! Fan de skouders fan reuzen ôf sjogge wy no del Op de kloften fan Karel, op de toarre, earme grûn Tinkend oan thús, oan ús frou en oan ús bern De rykdom fan in man, dy't net te keapjen is Frijdom komt ús ta! Friezen binne Frij! Santjin kerren, baas op eigen grûn Dêr 't rêst hearsket, mei in frije stoel yn 't rjocht Wy tsjinje gjin hear, ha frede op ús ting Ferachtsje dyn jeften, Karel Frankekening Wy binne en bliuwe frij!
Writer(s): Baldrs Draumar Lyrics powered by www.musixmatch.com
instagramSharePathic_arrow_out