クレジット

PERFORMING ARTISTS
Baldrs Draumar
Baldrs Draumar
Performer
COMPOSITION & LYRICS
Baldrs Draumar
Baldrs Draumar
Songwriter

歌詞

Mei it sakjen fan de Tiber sloegen wy ta Under it ljocht fan de moanne, troch de tún fan Flavia Skimen yn de nacht en oars gjin lûd As 't bûnzjen fan ús herten en 't brûzjen fan ús Friezebloed Kâlder wie ús stiel noch as de eastewyn Mei Magnus en it findel trapen wy dyn poarten yn Do skoddest op dyn skonken, yn nachtlike noed Ferkrommele dyn grutskens troch de Friezemoed Nimmen kin ús keare, nimmen kin ús oan Mei it riizjen fan it findel bringe wy in nije moarn Gjin finzene wurdt makke, gjin ealman ta slaaf It bloed rint oer dyn stiennen, heech skrast in raaf Oan de ankels ta yn 't bloed, Rome tsjûge fan de Friezemoed Op de pleinen fan Sint Peter barde it sa Dat de meast dwile sibbe fan Germania Dien wurk makke yn de iere moarntiidsgloed Bún as bruorren troch ús eale Friezenbloed De Grutte hie ús frege, wie dêrmei lyts man It ferjeien fan wat eale lju joegen wy neat om Ús lytskes wiene al krigers, ús froulju likegoed Eltsenien sil skriuwe oer de wiere Friezenmoed
Writer(s): Baldrs Draumar Lyrics powered by www.musixmatch.com
instagramSharePathic_arrow_out