Lyrics

Beaken yn de griis-wite dize Oerskaadzjend elts oankommend man Dêr 't de deaden bedobbe binne Wurdt no rjocht sprutsen oer it frije Lân Dêr, yn 'e dellingen Stiet de Upstallesbâm Dêr, oer it wetter Komme de sibben gear Upstallesbâm! Under it each fan de goaden Wylst it ljocht fan de folle moanne skynt Wurdt sân dagen lang de wiisheid garre Wiisheid dy't it folk foar earst wer bynt By it ferstriken fan de jierren Yn tiden fan libben en fan dea Wurdt hjir harke nei it oardiel Under de Upstallesbâm It libben sipelt fan de tûken Lûkt yn de woartels, it lûkt yn de grûn It bier mingt him dêr mei 't bistebloed It tsjil draait rûn, in nije tiid is begûn Dêr, yn 'e dellingen Stiet de Upstallesbâm Dêr, oer it wetter Komme de eallju gear Sa lang as Skoll en Hati jeie Sil de Fries krewearje foar syn lân As de wolven it himelljocht ferskuorre Sille wy op 'e nij ús libben jaan Skelta, ús riedsman, hoeder fan tradysje Ferskaf ús it ynsjoch, jou ús no dyn fyzje Skelta, goademan, lit de hoarne rûngean Wy proaste op 't beslút en op ús fuortbestean
Writer(s): Baldrs Draumar Lyrics powered by www.musixmatch.com
instagramSharePathic_arrow_out