album cover
Allinnich
On Tour
album cover
Allinnich was released on March 6, 2026 by Mayte Veenstra as a part of the album Allinnich - Single
March 6, 2026
LabelMayte Veenstra
BPM92
Melodicness
Acousticness
Valence
Danceability
Energy

Lyrics

Ik wie sa blyn
Ik sprong yn it wetter
En ferdronk deryn
Stienkâld
Yn de koplampen fongen
Bin ik de dyk op rûn
En de stêd troch gongen
Swier
As in stien
Ik wie sa ûngelokkich as ik by dy wie
Neat persoanliks
Mar ik haatsje
Hoe'tsto my oernommen hiest
It is tragysk
Tragysk
En de lêste tiid
Fielt it libben sa swier
Ik sleep mysels troch de dagen
Oant ik delfal op de flier
En ik tink dat dat komt
Troch minsken lykas do
Mar ik flip it, kear it om en doch it oars
Ik bin allinnich
Ik meitsje it allinnich
Ik sjong mysels yn sliep
En rin allinnich troch myn dreamen
Myn dreamen
Ik hoech alle bullshit fan dy net mear yn myn earen
Nimmen om fan te hâlden
Ik wie altyd al allinnich
Allinnich
Sjoch
Om dy hinne
Do tinkst dat de dingen dy't ik doch fanselssprekkend binne
Ik lit it gean
Want wat dochst dr tsjin?
Do praatst allinnich mar troch my hinne as ik by dy bin
En de lêste tiid
Fielt it libben sa swier
Ik sleep mysels troch de dagen
Oant ik delfal op de flier
En ik tink dat dat komt
Troch minsken lykas do
Mar ik flip it, kear it om en doch it oars
Ik bin allinnich
Ik meitsje it allinnich
Ik sjong mysels yn sliep
En rin allinnich troch myn dreamen
Ik hoech alle bullshit fan dy net mear yn myn earen
Nimmen om fan te hâlden
Ik wie altyd al allinnich
Allinnich
Ik bin allinnich
Ik meitsje it allinnich
Ik sjong mysels yn sliep
En rin allinnich troch myn dreamen
Myn dreamen
Ik hoech alle bullshit fan dy net mear yn myn earen
Nimmen om fan te hâlden
Ik wie altyd al allinnich
Allinnich
Foar altyd allinnich
Foar altyd allinnich
Foar altyd allinnich
Foar altyd
Written by: Mayte Veenstra
instagramSharePathic_arrow_out􀆄 copy􀐅􀋲

Loading...