album cover

Heechspanning

9Indie Pop2009
album cover
Heechspanning 由 FAMA 於 2009年6月1日發行,收錄於專輯《Nomade》中
專輯Nomade
發行日期2009年6月1日
標籤FAMA
語言荷蘭語
BPM152
旋律
原聲音質
Valence
節奏感
輕快

歌詞

Al wiken ûnderweis
beweech ik my fierder fan dy ôf
rek ik ús leafde út
al wiken ûnderweis
fier ik de spanning fierder op
rek ik ús leafde út
Do hingest my al dagen om it hert
al dagen leist my dwersoer yn it liif
de gieren skriuwe tekens yn 'e loft
en ik moat witte
oft it der noch is
do hingest my al dagen om it hert
flústerest my riedsels yn it hier
skriuwst mei swarte wjukken
tekens yn 'e loft
en ik moat witte
oft it der noch is
Al wiken ûnderweis
beweech ik my fierder fan dy ôf
rek ik ús leafde út
al wiken ûnderweis
fier ik de spanning fierder op
rek ik ús leafde út
Do hingest my al dagen om it hert
al dagen leist my dwersoer yn it liif
de gieren skriuwe tekens yn 'e loft
en ik moat witte
oft it der noch is
do hingest my al dagen om it hert
flústerest my riedsels yn it hier
skriuwst mei swarte wjukken
tekens yn 'e loft
en ik moat witte
Binne wy deselde
no't de rûning fan de ierde
ús it sicht benimt
op wa't wy tegearre wiene
Al wiken ûnderweis
mar hjoed
sille wy ús nammen sizze
sil ik witte
oft it der noch is
Written by: Nynke Laverman

Shazam 註腳

選擇語言:
Google Play Store
Apple App Store
Chrome Web Store
Galaxy Store

關注我們

Loading...