Lyrics

Ik hearde fan 't geheim akkoard Dat David brocht ta God's gehoar Mar psalmgesang hat dy nea ynteressearre It wûnder fan trep fjouwer, trep fiif De fal yn mineur, as majeur ferriist Ferbjustere skoep hy it Hallelujah Hallelujah Dyn leauwe moast bewizen ha Doe seachst har baaien op it dak Sok moais yn 't moanneljocht, Do koest wol stjerre Sy naam dy nei har keamer mei Sûchde alle krêften út dy wei En twong dy ta in nuodlik Hallelujah Hallelujah Leafste, ik ha hjir earder sjoen Dit bêd besliept, de flier berûn Allinne wie der earder as tegearre Ik seach de flagge op dyn kastiel Mar leafde is gjin oerwinningsmiel It is in kâld en brutsen Hallelujah Hallelujah Der wie in tiid datst by my wiest En my dyn wêzen fiele lietst Wêrom't dat oer is, hasto nea ferklearre Mar ferjit net wa'sto wiest yn my Hoe't wy ús nei de himel frijden Elke azemstjit wie Hallelujah Hallelujah Miskien dat der in god bestiet Mar al wat ik fan leafde wit Is hoe te slaan nei wa 't myn lok skansearret It is gjin geskriem, jins rie tenein En ek gjin fromme psalm op snein It is in kâld en brutsen Hallelujah Hallelujah
Writer(s): Charles Lyrics powered by www.musixmatch.com
instagramSharePathic_arrow_out