Lyrics

Ik soe dy sizze wolle Dat ik hieltyd faker dream Fan hoe't it libben wêze soe as beam As plant as strúk as bûterblom En dat ik net wit hoe't it komt Dat ik sa'n langstme fiel nei bleate fuotten Yn 'e drek dy't dolle dolle nei de djipte Dêr't de wjirmen sitte dolle nei it libben Koel en ieuwenâld Dêr't tiennen woartelsjitte my it opperflak Ferjitte litte my foar iens en altyd Ferbine mei de wrâld Dat ik naam wat ik nedich wie En mei it libben frede hie Dy nederichheid Dy tederheid Begrypst? Dy tederheid Begrypst? Ik soe dy sizze wolle Dat ik hieltyd faker dream Fan hoe't it libben wêze soe as beam As plant as strúk as bûterblom En dat ik net wit hoe't it komt Dat ik sa'n wjerstân fiel tsjin muorren minsken Muorren minsken grinzen tichter hieltyd tichter In gesticht fan ûnferskillichheid Ik stik - ik moat derút Soartgenoat op soartgenoat kloatgenoaten Stapele yn doazen fan beton en dûbel glês 'Hjir fynst dyn rêst fan nêst oant grêf' De finzenis dy't minsdom is Derút ik moat derút ik moat derút ik moat derút Untsnappe oan De wreedheid De gretichheid De leechte Begrypst? Begrypst? Ik soe dy sizze wolle Dat ik hast net doar te dreamen Datst dan by my bliuwst Datst neist my sitten giest De wangen lâns myn blêden wriuwst My sûnder taal ferstiest En steefêst yn ús leafde leaust Soest my noch sjen Of wie ik opgien yn de dingen Yn de dingen sûnder wearde Dêr't de minsken noait fan leard ha Se te sjen Hiest my ferlern? Ik soe dy sizze wolle dat ik hieltyd faker dream Mar ik sis it net Ik dream Frij fan taal Ik kin dy Gjin wurden Mear jaan Gjin wurd Gjin taal Lês de leafde Ma lês de leafde Ik drink wetter Ik jou lucht Ik nim tiid Ik draach frucht Lês de leafde Ah, Ah Ma lês de leafde Bliuw by my Bloei by my 4x
Writer(s): Sytze Pruiksma, Nynke Laverman Lyrics powered by www.musixmatch.com
instagramSharePathic_arrow_out